Wim Stroetinga boppe-oan yn 'Zesdaagse' fan Gent

14 nov 2018 - 16:01

Hurdfytser Wim Stroetinga fan Terwispel en syn maat Yoeri Havik steane nei de earste dei boppe-oan yn de 'Zesdaagse' fan Gent. De twa steane in ronde foar op de konkurrinsje.

Argyffoto mei Yoeri Havik en Wim Stroetinga - Foto: www.orange-pictures.nl

Se pakten de ronde foarsprong yn de twadde ploechkoers. Woansdei giet it toernoai fierder.

Stroetinga en Havik waarden ferline jier tredde. De Fries waard yn 2011 en 2013 ek al twadde.

It is de 78e edysje fan de 'Zesdaagse' fan Gent.

(advertinsje)