Provinsje en Ryk meitsje ôfspraken oer krimpgebieten

14 nov 2018 - 15:35

Deputearre Johannes Kramer is bliid dat minister Kajsa Ollongren fan Ynlânske Saken neiere ôfspraken meitsje wol oer krimpgebieten. It giet dan ûnder oare om ôfspraken op it mêd fan wurkgelegenheid, ynnovaasje en de wenningmerk. Kramer hat mei fiif oare provinsjes bot lobbyd foar dy ekstra oandacht foar krimpgebieten, dêr't hieltyd minder minsken wenje.

Foto: Omrop Fryslân

Minister Ollongren sjocht no sels ek yn dat problemen op de wenningmerk tanimme yn krimpgebieten. Dat jildt ek foar it tekoart oan arbeidskrêften mei in hegere oplieding. Dêrnjonken stiet it oanbod fan foarsjennings ûnder druk.

Letter dit jier wit de provinsje oft de sân projekten, dy't foar subsydzje by de saneamde 'regiodeals' yntsjinne binne, ek echt jild krije. Fan dy sân komme der twa regiodeals út it noardeasten fan de provinsje. Yn totaal is dêr lanlik 200 miljoen euro foar beskikber.

(advertinsje)