Noch 26 Fryske teams yn toernoai om Distriktsbeker

14 nov 2018 - 15:25

Noch 26 Fryske klups dogge mei yn de striid om de KNVB-Distriktsbeker. Tiisdei pleatste Balk him as lêste foar de twadde ronde, troch mei 1-2 te winnen by Aldehaske.

Foto: www.orange-pictures.nl

Nei Aldehaske - Balk wie de lotting foar de folgjende ronde. Ut dy lotting kamen ûnder oare 12 wedstriden tusken twa Fryske klups. Allinnich Aldeholtpea (út tsjin Drenthina) en Bakkefean (thús tsjin HZVV) spylje tsjin in klup dy't net út Fryslân komt.

De wedstriden yn de twadde ronde wurde spile op tiisdei 27, woansdei 28 en tongersdei 29 novimber.

Lotting twadde ronde foar Fryske teams

Zwaagwesteinde LAC Frisia 1883
Leovardia SDS
Twizel Dronryp
Dokkum Broekster Boys
BCV Balk
Heech Drachtster Boys
Snits Wyt Swart (sneons) Read Swart
Bûtenpost Hearrenfean
Trinitas Burgum
Harkemase Boys 2 VC Trynwâlden
Hurdegaryp Be Quick Dokkum
Snits Wit Swart (sneins) Zeerobben
Drenthina Aldeholtpea
Bakkefean HZVV

Yn totaal sitte der noch 72 klups yn it toernoai. Nei de twadde ronde komt der ein desimber noch in tuskenronde, om sa ta 32 klups te kommen.

Bekertoernoai foar amateurklups

De Distriktsbeker is it toernoai foar Nederlânske amateurklups. Klups út de haadklasse en leger dogge oan it toernoai mei. De twa Fryske klups yn de tredde difyzje, Harkemase Boys en ONS Snits, dus net.

Der binne seis KNVB-distrikten yn Nederlân. Alle Fryske klups sitte yn distrikt Noard.

Trefwurden: 
fuotbal distriktsbeker
(advertinsje)