Hearrenfean ferliest oefenwedstriid fan jong Ajax

Sportklup Hearrenfean hat in oefenwedstriid ferlern fan Ajax: 3-2. De Amsterdammers spilen foar in grut diel mei jeugdspilers. By Hearrenfean kamen wol in protte spilers út de A-seleksje yn aksje. Beide teams misten wol har spilers dy't oproppen binne foar har lanneteams.
Nemanja Mihajlovic yn in eardere oefenwedstriid © www.orange-pictures.nl
Spits Sam Lammers soarge yn de earste helte foar de 0-1. Hy waard ûnderúthelle yn it strafskopgebiet en skeat dêrnei sels de penalty binnen. Sebastian Pasquali sette Ajax noch foar it skoft op gelikense hichte.
Danilo Pereira makke yn de twadde helte de 2-1 en Brian Brobbey wreide de foarsprong fan de Amsterdammers út. Hearrenfean skoarde noch wol, opnij mei in strafskop. Diskear skeat Nemanja Mihajlovic raak.
Ajax - SC Hearrenfean 3-2 (1-1) 10. Sam Lammers 0-1 (strafskop), 20. Sebastian Pasquali 1-1, 55. Danilo Pereira 2-1, 71. Brian Brobbey 3-1, 89. Nemanja Mihajlovic 3-2 (strafskop)
Opstelling Hearrenfean: Bednarek (46' Doornbusch), Woudenberg, Næss, Kongolo (46/Drkusic), Hornkamp, Van Amersfoort, Bruijn, Rienstra (68/Kobayashi), Rojas (78/Van der Heide), Lammers (78/Iredale) en Vlap (68/Mihajlovic).