Nij rekôr foar Planetarium: museum ferwolkommet 60.000ste besiker

14 nov 2018 - 14:06

It Keninklik Eise Eisinga Planetarium krige woansdei de 60.000ste besiker fan 2018 oer de flier. Dat betsjut in nij rekôr, want nea earder besochten safolle minsken yn ien jier it museum yn Frjentsjer.

It âlde rekôr stie op 53.000 besikers. Dat waard ferline jier helle. It hege oantal fan dit jier komt neffens it museum troch alle aktiviteiten dy't hâlden binne mei Kulturele Haadstêd.

It oantal besikers wurdt al sûnt de iepenstelling yn 1781 byhâlden. De earste jierren kamen der in pear hûndert besikers yn it jier.

De famylje Horneman wie de 60.000ste besiker. It pear út Ten Boer waard om dy reden troch it museum yn it sintsje set. Se krigen in bosk blommen fan foarsitter Theo Koelma en direkteur Adrie Warmenhoven.

(advertinsje)