Undernimmers Sint-Anne op de bres foar ûndernimmersferiening

14 nov 2018 - 14:00

Frijwilligers fine foar in organisaasje of feriening: it blykt yn de praktyk tsjintwurdich faaks dreech te wêzen. Sa ek foar de ûndernimmersferiening yn Sint-Anne. Moandeitejûn is op in gearkomste mei de leden besletten dat de feriening dochs bestean bliuwt, nettsjinsteande it feit dat der op dat stuit mar ien bestjoerslid wie: foarsitter John Ynema.

Foto: Facebook Ondernemersvereniging St. Anna Vooruit

Dochs sjogge ûndernimmers fan Sint-Anne de takomst fan de ûndernimmersferiening posityf yn. De ûndernimmers binne as lid wol hiel belutsen en fine de feriening tige wichtich. It makket se in lykweardige praatpartner foar de gemeente, sa sizze se en it helpt harren saken op inoar ôf te stimmen en problemen op te lossen.

(advertinsje)