Reorganisaasje by Dockinga Kolleezje kostet tsien banen

It Dockinga Kolleezje yn Dokkum en Ferwert wol begjin takom jier tsien meiwurkers dien jaan. Dêrby falle ek twongen ûntslaggen. De reorganisaasje by Dockinga middenyn it skoaljier is nedich omdat de skoalle mei it besteande personielsbestân yn 2019 útkomme soe op in ferlies fan 1 miljoen euro. Bestjoerder Geert van Lonkhuyzen hat dat woansdei bekend makke op in parsekonferinsje.
Dockinga Kolleezje wol ynkrimpe mei 10 FTE's
Van Lonkhuyzen wurket noch mar twa moanne by Dockinga en wie oanlutsen om de plande nijbou fan de skoalle yn goede banen te lieden. Dy plannen wurde no earst útsteld, omdat hy by it fêststellen fan de begrutting foar 2019 grutte tekoarten tsjinkaam.
Haadoarsaak fan de problemen is de krimp. It tal learlingen is de lêste tsien jier tebekrûn fan 2.500 oant 1.750. De skoalle hâldt der rekken mei dat it tal learlingen noch fierder sakje sil oant sa'n 1.550.
Bestjoerder Geert van Lonkhuyzen fan Dockinga oer it tekoart by de skoallemienskip
Njonken de krimp hat it Dockinga Kolleezje ek 'merkoandiel' ferlern, seit Van Lonkhuyzen. Dat betsjut dat âlders fan potinsjele learlingen foar oare skoallen keazen hawwe, lykas Piter Jelles Dalton, njonken it Dockinga Kolleezje yn Dokkum, of foar skoallen yn Damwâld of Ljouwert.
Dockinga wol de kommende tiid dêrom mear oan PR dwaan om 'it goede ferhaal' fan de skoalle mear út te dragen yn de regio.
De oansteande reorganisaasje moat mear wurde as allinnich it sûn meitsjen fan de begrutting. De skoalle tinkt ek oan it yntrodusearjen fan oare ûnderwiiskonsepten lykas 'lespleinen', wêrby't better mar ek effisjinter lesjûn wurde kin. In oare mooglike maatregel is it fergrutsjen fan de klassen.
Dockinga hat tiisdei de meiwurkers ynformearre oer de oansteande reorganisaasje. De meiwurkers hawwe neffens bestjoerder Van Lonkhuyzen 'weardich' op it minne nijs reagearre.

Gearwurking

Sûnt begjin dit jier wurket Dockinga gear mei it Lauwers Kolleezje yn Bûtenpost en Liudger yn Drachten by it bestriden fan de krimp.
De skoalle wol dan ek ûndersykje oft meiwurkers dy't yn Dokkum har baan ferlieze ek dêr oan de slach kinne. It mooglik sluten fan de dependânse yn Ferwert is neffens Van Lonkhuyzen net oan de oarder.
De nijbouplannen foar de skoalle wurde foarearst útsteld © Omrop Fryslân
"Er valt niet aan te ontkomen dat er mensen weg moeten. Ik kan nog niet zeggen welke functies het betreft, maar te veronderstellen valt dat er personeelsleden van het Dockinga College gedwongen hun baan zullen verliezen", seit Geert van Lonkhuyzen, bestjoerder fan it Dockinga Kolleezje.
It beslút wurdt op koarte termyn, mei yngong fan jannewaris, trochfierd. "Elke dag dat ik het besluit uitstel, betekent dat de opgave groter wordt, want dan moet ik 'm namelijk later in een kortere tijd realiseren. Het betekent dat ik op een termijn van weken maatregelen moet nemen", ferfolget Van Lonkhuyzen.