Hûnen wurde ynsetten om swalkôffal op te romjen

14 nov 2018 - 12:51

Michael Zom en syn freondinne Soraya van Commenee binne mei harren hûn Drake yn training om it bistje swalkôffal opromje te litten. It is in nije trend dat hûne-eigeners ûnder it útlitten swalkôffal opromje.

Se litte de hûn dan bygelyks plestik fleskes opkrije en nimme dat mei nei hûs om it goed fuort te smiten. Der is in lanlike stichting dy't him hjirmei dwaande hâldt en de eigeners begeliedt: enjoycleaningup.com. Lanlik binne hjir 120 minsken by oansletten.

"We zijn de hond, Drake, nu een jaar aan het trainen en proberen hem zoveel mogelijk afval op te laten halen."

Michael en Soraya hoopje dat hieltyd mear hûne-eigeners plestik ôffal ophelje sille. "Het is heel frustrerend dat mensen hun afval zo laten slingeren. Afval ligt soms vlakbij een prullenbak. Het is een kleine moeite om de boel op te ruimen."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Trefwurden: 
hûn Ljouwert ôffal
(advertinsje)