Motorklup Dirty to Be hoecht gemeente gjin twangsom te beteljen

De Ried fan Steat hat woansdeitemoarn útspraak dien oer de saak dy't Dirty to Be oanspand hie en besletten dat de motorklup út Drachten de twangsom fan 10.000 euro net oan de gemeente Smellingerlân hoecht te beteljen.
Ried fan Steat © ANP
De útkomst fan de saak is dat de gemeente de twangsom net yn dizze foarm oplizze en yntsjinje mocht. Dirty to Be wie yn heger berop gien tsjin de twangsom dy't troch de gemeente oplein wie fanwegen in feest mei leden fan in outlaw motorklup en de bestimming fan it gebou.
It feest wie op 4 maaie. De gemeente hie dêr in tip oer krigen. Tasichthâlders giene derhinne en seagen minsken mei jaskes fan motorklup Blackguards, dy binne net wolkom yn Smellingerlân.

Gebou hat bedriuwsbestimming

De motorklup sit yn in gebou oan De Gaffel yn Drachten en hat dêr de wurkpleats, mar yn it pân sit ek in bar mei in stamtafel. De gemeente wol net dat de motorklup der in kluphûs fan makket. It gebou mei neffens de gemeente net foar dat doel brûkt wurde, wol as wurkpleats. Yn it bestimmingsplan stiet dat it pân in bedriuwsbestimming hat.
Mei de útspraak fan de Ried fan Steat ferfalt it beslút fan de rjochtbank, dat de gemeente earder yn it lyk steld hie. De gemeente moat no fan de Ried fan Steat in nij beslút nimme op it beswier fan de motorklup.