Plysje sjit by oanhâlding oerfallers pizzakoerier

14 nov 2018 - 11:34

By de oanhâlding fan de twa wapene oerfallers hat de plysje tiisdeinacht sketten. De fertochten fan de oerfal op in pizzakoerier op de Greate-Kritewei yn Wergea binne twa Frjentsjerters fan 16 en 17 jier.

Foto: ANP

De oerfallers hawwe de koerier om healwei twaen tiisdeinacht mei twa fjoerwapens bedrige, doe't dy yn Wergea wat besoargje woe. It duo naaide út mei it jild en de auto fan de koerier. De plysje wie der gau by en sette de efterfolging yn.

De twa fertochten rieden harsels klem op de Ljouwerterstrjitwei op It Hearrenfean, doe't se tsjin it stek fan in bedriuw botsten. De jonges besochten rinnendewei út te naaien, mar nei it lossen fan warskôgingsskotten troch de plysje koene se dochs oanhâlden wurde. De Frjentsjerters sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Soad fragen

De plysje hat noch in soad fragen oer de saak, bygelyks hoe't de fertochten yn Wergea telâne kamen en hoe't se oan de wapens kaam binne. Der wurdt noch sjoen oft it om echte as nepwapens giet. De plysje siket noch tsjûgen. Om't de plysje fjoerwapens brûkt hat, stelt de plysje sels noch yntern ûndersyk yn.

Trefwurden: 
oerfal oanhâlding Wergea
(advertinsje)