Meiwurkers drukkerij Snits lizze de parsen stil

14 nov 2018 - 10:58

Meiwurkers fan de Koninklijke Drukkerij De Vries yn Snits lizze woansdeitemiddei harren wurk del. Tusken 12.30 en 15.30 oere stean de parsen stil yn 'e drukkerij. De meiwurkers wolle no einliks "fatsoenlike cao-ôfspraken", neffens Bernard van Iren, bestjoerder FNV Media & Cultuur.

Foto: Google Street View

Van Iren: "Al maanden geven de werkgevers in de grafimedia niet thuis, wanneer we tot goede cao-afspraken willen komen. De werkgevers hadden tot september de kans om er samen met de medewerkers uit te komen. Helaas hebben ze die kans laten schieten."

De meiwurkers wolle in leanstiging fan 6% yn de kommende twa jier en goede ôfspraken oer de ynset fan útstjoerkrêften en zzp'ers. Ek wolle se dat it tredde WW-jier reparearre wurdt en dat de wurkjouwers ôfbliuwe fan de saneamde 'klokurenmatrix', de taslach foar wurk bûten it deifinster. Ek moat der in generaasjepakt komme: âlderen wurkje dan minder en de jongerein follet dizze oeren yn.

De wurkjouwers wolle dêr net folslein yn mei. Sy wolle it lean mar mei 1% ferheegje yn 27 moannen en in generaasjepakt sûnder werbesetting en sûnder regeling foar nachttsjinstmeiwurkers. Ek stelle se allegear betingsten oan de WW-reparaasje.

Aksjes yn hiele lân

Oeral yn it lân hawwe meiwurkers fan ferskate bedriuwen yn de grafimedia al aksjefierd. Ek binne sy oproppen om gjin oerwurk mear te ferrjochtsjen. Salang't de wurkjouwers net foldwaan wolle oan de easken, bliuwe meiwurkers yn dizze sektor de kommende perioaden aksjefieren.

(advertinsje)