App foar skjinmakbrânsj wint ynnovaasjewedstriid yn Ljouwert

Brûkbere ideeën en in tal nije banen. Dat wie de opbringst fan de Duurzame Innovatie Challenge Fryslân, in ynnovaasjewedstriid dy't tiisdei syn finale belibbe yn de Alvestêdehal yn Ljouwert. De wedstriid, dêr't trijehûndert studinten oan meidiene, waard wûn troch in studinteteam fan NHL Stenden.
Duorsume ynnovaasjewedstriid smyt brûkbere ideeën en banen op
It team betocht in app foar yn de skjinmakbrânsj dy't opdrachtjouwers en skjinmakkers op in fleksibele wize byinoar bringt. Skjinmakkers kinne sa wurkje as it harren útkomt.
Neffens Mark Bunt, ien fan de leden fan it winnende team, is it de bedoeling de app ek echt te bouwen en op de merk te bringen. De opdracht kaam fan skjinmakbedriuw NIVO, dat sels mei de app oan de slach wol.
De winners fan de Duurzame Innovatie Challenge Fryslân © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De wedstriid wie útskreaun en betocht troch advysburo Ekwadraat út Ljouwert, yn gearwurking mei ferskate, oare partijen út it bedriuwslibben, ûnderwiis en de Oerheid. De bedoeling wie om kennis en talint op it mêd fan duorsumens en ynnovaasje op te spoaren. De wedstriid bestie út trije omgongen en in finale.
NIVO wie ien fan de sechstjin bedriuwen en ynstellingen dy't challenges útskreaun hiene. Fan de sechstjin ideeën dy't oandroegen waarden, sille nei alle gedachten yn elk gefal tolve in ferfolch krije. Dêrneist hawwe fjouwer dielnimmers sels in baan oanbean krigen.
De earste priis waard útrikt troch kommissaris fan de Kening Arno Brok.