Kollum: "Gûnzjend sân"

14 nov 2018 - 07:51

"Wannear't je Swarte Pyt weromstjoere wolle nei syn heitelân, prima. Wannear't je net wolle dat guon dat wolle, ek bêst. Kin my allegear hielendal neat skele. Dat fjochtsje jim allegear mar út op vlogs, blogs en by de rjochter. Mar hâldt op mei ien fan dy ploechjes ûnder de Fryske flagge te skouwen. De hiele Fryske mienskip tinkt nammentlik ferskillend.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Ik soe hast begjinne oer it ferhaal dat der yn Fryslân en troch guon Friezen ek hiel wat ferkeard gien is mei de slavernij, lês it ûndersyk fan Margiet Fokken fan foarich jier der noch mar ris op nei, mar dan begjint elk der fuort wer yn om te haffeljen en it giet my no inkeld om dy Fryske flagge.

Dy hysje we elk jier by Laaksum. No ja, dat docht in lyts ploechje mei in fleuchje nasjonalisme. En wat Macron ek sei dit wykein, dat mei ek. Sterker, dy flagge moat eins altyd hingjen bliuwe. As paadwizer. Want wannear't je dan in eintsje trochfytse, komme je by Murns. En dan benimt it útsicht je suver de siken. Wat ha wy in moaie Iselmarkust.

Dat begjint by Makkum. Nee, de Ofslútdyk-kant is dêr aanst net folle mear mei dy hûnderten sûzjende hege wynmûnen. En de út de VVD kwakte Gert Jaap van Ulzen wol dêr leaver in kearnsintrale ha en dat wylst hy himsels nochtere Fries neamt. Dus gjin mienskipsflagge dêr.

Mar de súdkant fan Makkum oant Hylpen is al skitterjend. De fûgels hiene dat al earder útfûn as wy dat hiene. Wannear't je noch nea in leppelbek sjoen ha, dan mar efkes simmermoarns om fiif oere nei de fûgelsjochhutte, krekt boppe Gaast. Dan Hylpen en Starum, âlde Súdersee-ikoanen mei de flecht fan rekreanten. Moaie mjuks. En wannear't je dan trochride nei Murns is it byld fan de Iselmar oerrinnend yn it beboske Gaasterlân in juwieltsje. Net fierder sjen, want dêr skeine dy ferrekte wynmûnen fan Urk de mar, mar dat leit bûten Fryslân. Lit mar.

Lit mar? Ho efkes! Dêrom hingje we dy Fryske flagge net op. It is ús Súdersee, dêr ha we dy Hollanners yndertiid wer ynjage. Dêr ha we ús yn wosken, op syld en ús fisk úthelle. Dêr bin we ek yn fersûpt en de see is op ús lân kaam. Ik helje hiel wat jiertallen troch elkoar, mar dat moat efkes. It is no ús Iselmar.

Op sa'n fiif kilometer besuden fan Murns is de mar noch mar. Hoewol, safolle wetter stiet dêr ek wer net, grutte skippen moatte noch al wat súdliker om. Dêr is wol sân. Dat wolle se dêr weihelje. Net foar dy skippen, mar foar de bou. Sa'n twa miljoen kúb it jier. Tritich jier lang. Op plakken wol sechtich meter djip wei. Dat wol it baggerbedriuw Royal Smals dwaan fan in grut wurkeilân ôf fan sa'n sân bunder. Dêr komt in sânferwurkingsfabryk op, want wy domme lju tinke dat sân inkeld sân is, mar dat is net sa.

Royal Smals seit dat it eilân by de Noardeastpolder komt, mar it leit echt yn Fryslân. Gemeente De Fryske Marren. Dy binne dêr baas wurden oer see en grûn doe't se Gaasterlân anneksearren. Dus se moatte der no op De Jouwer, sa'n 45 kilometer fan it plak ôf, oer redendiele.

Eins moatte dy riedsleden nei Murns. Mar se kin no noch net sjen hoe't dat eilân aanst it byld fersteurd. Je hearre der ek noch neat, mar de Murnsers ferwachtsje 24 oeren deis, tritich jier lang lûd te hearren. 'Zoem zoem', sizze de Hollanners. Wy sizze dus: 'Gûnz gûnz'. It gûnzet alle dagen troch. Inkeld sneins is it stil, mar dan gûnzet de tsjerke fan Bakhuzen of bromme de toeristen it moaie dykje lâns.

Dus dy riedsleden stean dêr aanst op it dykje. Se sjogge en hearre noch neat. Wannear't se dat sa hâlde wolle, dan moatte se yngean tsjin Royal Smals, Rykswettersteat, de provinsje en har eigen B en W. Dan moatte se mar efkes nei rjochts sjen. Dêr wapperet de Fryske mienskipsflagge by Laaksum. Om oan te jaan dat de nije tiid je ek te hastich ynhelje kin. Tritich jier lang alle dagen gûnzjen by in hillich plak foar de Friezen. Dat kin net."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)