Snitser (22) leveret drones foar fleantúchynspeksjes op Schiphol

It bedriuw Custom Drone út Snits hat in oerienkomst tekene mei Regional Jet Center foar it leverjen fan drones. Dat hâldt yn dat drones fan de ûndernimming fan de 22-jierrige Mark Woortmeijer ynset wurde kinne by it ynspektearjen fan fleantugen op Schiphol.
In drone © Custom Drone
It giet om op maat makke drones mei 'artificial intelligence'. Dat betsjut dat se selsstannich wurkje kinne. Mei de drones kinne fleantugen neisjoen wurde wannear't se bygelyks troch it wjerljocht troffen binne. Dêrneist besparret it ynsetten fan drones in soad papierwurk.
Direkteur Woortmeijer is bliid mei it kontrakt, dat foar syn bedriuw 'in grutte stap' betsjut. It giet neffens de ûndernimmer om in 'baanbrekkende kombinaasje fan technyk, feilichheid en wetjouwing'.