Plysje hâldt fertochten oan foar oerfal op pizzakoerier yn Wergea

De plysje hat tiisdeitenacht twa fertochten oanholden foar in oerfal op in pizzakoerier op de Greate Kritewei yn Wergea. De fertochten soene by de oerfal in fjoerwapen brûkt hawwe en naaiden yn in auto út rjochting It Hearrenfean.
Plysje © ANP
Nei in efterfolging slagge de plysje deryn de auto oan te hâlden. De ynsitters binne meinaam nei it buro.