WK-ticket is binnen: "De opluchting is best wel groot"

13 nov 2018 - 22:45

De ferromming is dochs wol oanwêzich by fuotbalster Sherida Spitse fan Snits, no't Oranje dochs lang om let it WK-ticket binnenhelle hat. Tiisdeitejûn waard der yn Schaffhausen mei 1-1 lykspile tsjin Switserlân. Dit wie foar Oranje genôch, om't der yn de hinnewedstriid al mei 3-0 wûn wie fan de Switsers.

Foto: Orange Pictures

"De opluchting is op zich wel groot", sa fertelt Spitse fuort nei ôfrin fan de wedstriid. "Je wil er graag naartoe en je had de kans tegen Noorwegen, maar dat is helaas niet gelukt. Dan moet je twee wedstrijden spelen tegen Denemarken en twee tegen Zwitserland, je bent er niet zomaar! Je moet het wel uitvechten met die andere tegenstanders."

Oranje stie mei in 3-0 foarsprong oan de ôftraap, mar krige fuort oan it begjin fan de wedstriid al in klap te ferwurkjen mei de reade kaart foar Anouk Dekker. "Ik was niet meteen in paniek ofzo. Ik dacht, ja dat gebeurt en dan moet je het oppakken en dan moet je er staan."

De Switsers moasten in achterstân fan trije doelpunten fuortwurkje, en krekt dat soarge foar rêst by Spitse. "Ik heb gekeken naar de scores van hun laatste wedstrijden, en zij scoren niet veel."

De krêft fan Oranje

Nettsjinsteande de man-mear sitewaasje setten de Switsers net in soad druk, dochs fernuvere dat Spitse net bepaald. "Ze weten natuurlijk ook dat onze kracht voorin ligt met onze snelheid." Se doelt dêrmei op spylsters lykas Van de Sande en Martens.

Nei de lange wei nei it WK-ticket sit der foar Spitse en har teamgenoaten no noch mar ien ding op: feestfiere! "We gaan zo naar het hotel, dan eerst eten en dan een drankje natuurlijk!"

Op 8 desimber is de lotting foar it WK, dat takom jier juny plakfine sil yn Frankryk.

Harkje nei in petear mei Sherida Spitse

(advertinsje)