Der komt in twadde, gruttere edysje fan de Elfwegentocht

13 nov 2018 - 22:20

Der komt in twadde Elfwegentocht, yn 2020. Mar dy sil breder en grutter wêze as dy fan dit jier. Net allinnich Fryslân docht der oan mei mar ek Grinslân en Drinte.

De organisaasje wol njonken de fossylfrije wiken, ek twa wiken plestikfrij libje. Dat seit Bouwe de Boer, foarman fan de Freonen fan Fossylfrij Fryslân en oanjager fan de earste Elfwegentocht. Dy waard ôfrûne simmer hâlden mei as ynset om twa wiken lang gjin ferfiersmiddels te brûken dy't op fossile brânstof ride of farre. Neffens De Boer hawwe dêr sa'n 100.000 minsken oan mei dien. Dat moatte der no in stik mear wurde.

As tarieding op de twadde Elfwegentocht komt der yn 2019 in toer by 15 Fryske stêden en doarpen del om it idee fierder út te dragen. Besikers krije dêr foarljochting oer it evenemint en meie fossylfrije ferfiermiddels probearje.

(advertinsje)