Strjitten yn Ljouwert ferneamd nei fersetsstriders

13 nov 2018 - 21:45

De gemeente Ljouwert wol fjouwer fersetsstriders eare troch in strjitte nei harren te ferneamen. It giet om Gerben IJpma, Tiny Mulder en Harm en Annie Kingma.

Foto: Omrop Fryslân

De nije strjitten komme yn de Ljouwerter Frijheidswyk. Sa krije Harm en Annie Kingma in plantsoen nei harren neamd. It echtpear wie yn de oarloch de driuwfear efter in grut ferskaat oan fersetsaktiviteiten. Dit organisearren se fanút harren wenhûs en timmerfabryk oan de Oldegalileën.

Ek Tiny Mulder, dy't njonken har fersetswurk ek ferneamd wurden is as sjoernalist en skriuwer, krijt in plantsoen nei har ferneamd. Mulder wie yn de oarloch as koerier yn it spier foar it ferset. Dêrnjonken holp se piloaten en ûnderdûkers.

Gerben IJpma is de iennige fan it selskip dy't in echte strjitte nei him neamd krijt. IJpma, dy't yn it ferset bekend stie as 'Grutte Klaas', wie fersetsstrider en rayonhaad LO-Súdwest Fryslân. Ek yn Koudum is der in strjitte ferneamd nei IJpma.

It kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders moat noch akkoart gean mei de strjitnammefoarstellen.

(advertinsje)