Oranjefroulju pakke yn Switserlân WK-ticket

13 nov 2018 - 20:51

Oranje mei dochs nei it WK yn Frankryk. Tiisdeitejûn waard yn Schaffhausen mei 1-1 lykspile tsjin Switserlân. De Oranjefroulju moasten in 3-0 foarsprong ferdedigje dy't se thús al op it skoareboerd setten hiene tsjin Switserlân.

Foto: Orange Pictures

Yn de seleksje fan coach Sarina Wiegman sieten trije Friezen: Sherida Spitse, Loes Geurts en Sisca Folkertsma. Spitse en Geurts mochten beide fan it begjin ôf oan meispylje om it WK-ticket.

En it team fan Wiegman krige fuortendaliks in dreun te ferwurkjen, want al yn de sânde minút moat Anouk Dekker it fjild ferlitte nei in oertrêding op Ramona Bachmann.

Hjirnei stie Nederlân benammen op de eigen helte, en besocht it team om al counterjend te skoaren. Shanice van de Sanden krige op dizze wize in tal goeie kânsen, mar koe foar de rêst noch net ta skoaren komme.

Yn de twadde helte koe Nederlân al gau it WK-ticket wis stelle troch in goal fan âld-Hearrenfean spylster Vivianne Miedema. De spits krige de bal nei in moai útspile oanfal, en koe dêrmei de 1-0 op it skoareboerd sette.

Hjirnei like der gjin inkeld probleem foar Oranje, mar dochs koene de Switsers troch in miskommunikaasje achteryn by Nederlân de ûnferwachte de 1-1 meitsje.

Dêrnei kaam Oranje lykwols net mear echt yn gefaar, en koe nei it lêste fluitsinjaal feestfierd wurde.

Kwalifikaasje

De Oranjefroulju moasten de play-off wedstriid tsjin Switserlân spylje om't se yn de groepsfaze by de kwalifikaasje foar it WK op it twadde plak, efter Noarwegen bedarren, nei in dramatyske lêste wedstriid.

Foar de wedstriid tsjin Switserlân hie Oranje yn de play-offs al ôfrekkene mei Denemarken. It WK is takom jier yn Frankryk, fan 7 juny oant 7 july, der dogge 24 teams oan mei dy't yn 12 stadions 52 wedstriden spylje sille. Nederlân giet nei it WK as Europeesk kampioen.

It is foar de twadde kear dat Oranje nei it WK ta mei, de foarige kear wie yn 2015 yn Kanada.

Trefwurden: 
WK frouljusfuotbal
(advertinsje)