Wetterskip komt mei risikokaart klimaatferoarings Fryslân

13 nov 2018 - 19:26

Waarme maitiden, ekstreem drûge simmers en swiere pleatslike buien dy't foar wetteroerlêst soargje. It waar wurdt hieltyd ekstremer en mear ûnfoarsisber. Om dochs in oersjoch te krijen fan hoe't it klimaat feroaret hat Wetterskip Fryslân in oplossing: in digitale klimaatatlas fan de folsleine provinsje. De klimaatatlas wurdt 26 novimber offisjeel presintearre, mar it Wetterskip jout yn Fryslân Hjoed alfêst in foarpriuwke.

"Wy binne al sûnt 2016 mei dwaande mei in oersjoch fan de wetteroerlêst, hittestress, drûchte en oerstreaming yn hiel Fryslân", fertelt Pietrik Hoornstra wetterambassadeur fan Fryslan.

"Fryske gemeentes hawwe digitale testen dien sadatst sjen kinst hoe't it klimaat der no en oer 30 jier útsjocht. Asto dat kombinearrest mei bygelyks hichtekaarten fan Fryslân, dan kinst sjen hokker gebieten letter problemen hawwe sille."

Dêrneist hawwe de studinten fan it Van Hall Larenstein sjoen nei berjochtjouwing oer bygelyks wetteroerlêst, om te sjen oft de ûntwikkele kaart wol kloppet. "It hjirtroch in hiele praktyske en unike kaart wurden."

Lanlike oanpak

De atlas is ûntwikkele nei oanlieding fan it saneamde lanlike Deltaplan Ruimtelijke Adaptatie. Yn dit plan stiet dat alle gemeentes yn Nederlân foar 2019 sa'n klimaattest dwaan moatte. Dit allegearre foar de tarieding tsjin de gefolgen fan de klimaatferoaring.

Hoornstra: "It waar wurdt hieltyd ekstremer, mar yn Fryslân is it noch folle minder ekstreem as de rest fan it lân. Sjoch mar nei Brabân. Dêr falt somtiden 70 milimeter rein op ien plak. Dat hawwe wy yn Fryslân no noch net hân, mar dat kinne wy wol ferwachtsje yn de kommende jierren."

Stiens ûnder wetter

Ien fan dy gebieten dêr't problemen binne is Stiens. Yn it doarp is op dit stuit al in soad wetter, de strjitten stean der gau blank. Mar de échte wetteroerlêst komt noch seit Hoornstra. "Op dit stuit stiet it wetter oant de stoeprâne ta, mar as wy neat dogge stiet it oer 30 jier yn 'e wenkeamer."

Neffens Hoornstra komt dit om't der yn Stiens amper sleatten binne. "Dy binne troch de jierren hinne tichtsmiten en der binne túntsjes makke. Dan kin it wetter net fuort en binne de minsken mei de leechste tún oer in pear jier de klos."

Maatregels treffe

In ekstra rioelearring oanlizze, strjitten meitsje dy't einigje by in sleat en de sleatten wer iepen grave. Dat binne de mooglikheden dy't Stiens hat neffens Hoornstra. De klimaatatlas is in echte oplossing foar gemeentes om dizze plannen te meitsjen. Neist dat Hoornstra wetterambassadeur is, wurket se ek foar de gemeente Ljouwert. "Mei de atlas sjogge wy wêr't it wetter hinne giet, dêrom kinne wy no al maatregels treffe om mear wetteroerlêst foar te kommen", seit Hoornstra.

Oerstreaming bliuwt in gefaar

Hoornstra tinkt dat gemeentes mei dizze atlas harren goed tariede kinne op wetteroerlêst, hjittestress en drûchte. "Mar oerstreaming is in oar ferhaal. Ut de lêste sifers docht bliken dat de Nederlânske seespegel yn 2100 mei ien oant twa meter heger wurdt as de ierde twa graden opwaarmet. Hjir moatte wy no eins ek al maatregels tsjin treffe."

De klimaatatlas is noch net online, op 26 novimber wurdt hy offisjeel presintearre by it klimaatevent 'oer de grinzen' yn De Harmonie yn Ljouwert.

(advertinsje)