Provinsje past belied oan by partikuliere inisjativen

13 nov 2018 - 19:10

De provinsje kin noch in soad saken ferbetterje as it giet om it stypjen fan partikuliere inisjativen. Provinsjale Steaten hat dat heard fan minsken achter projekten as Aldtsjerk Foarút, Holwert oan See en de Tsjûkemar.

Gearkomste fan de Provinsjale Steaten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Fryske folksfertsjintwurdiging hat it kolleezje fan Deputearre Steaten oproppen om in bettere wurkwize te betinken, no't hieltyd faker fanút de mienskip inisjativen betocht en útfierd wurde. Deputearre Sander de Rouwe kin him dêr yn fine.

De earder neamde projekten soene spesjale amtners tawiisd krije kinne, sadat it proses én flugger én doeltreffender plakfine kin.

(advertinsje)