Gemeente sjocht nei splitsing nijbou klaaikeamers en gymseal op LSC terrein

13 nov 2018 - 17:44

Der wurdt wer serieus sjoen nei it wer útinoar heljen fan de kombinearre nijbou fan in gymseal en de klaaikeamers op it terrein fan de Snitser fuotbalklub LSC. Wethâlder Maarten Offinga die dêr moandei in meidieling oer yn de gemeenteried fan Súdwest Fryslân. Hy wie dêrmei wol wat oan de betide kant, want der leit noch gjin offisjeel kolleezjebeslút ûnder.

De hjoeddeistige klaaikeamers fan LSC binne al lang oan ferfanging ta en binne der yn de jierren '70 delsetten. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Op it stuit rinne der ûndersiken om ien en oar troch te rekkenjen. It idee is dat de nijbou fan de klaaikeamers earder yn sicht komt as it plan fan de gymseal net trochgiet. Mar oft dat ek sa is, moat noch bliken dwaan.

It plan fan de gemeente om beide saken te kombinearjen kaam earder dit jier ûnder grutte druk te stean, neidat wolstânsorganisaasje Hûs en Hiem in negatyf advys joech oer de nijbou by it ryksmonumint op it terrein.

De gymseal is bedoeld foar learlingen fan basisskoallen yn de wyk Stadsfenne. Dy brûke no ek ferâldere akkommodaasje foar de gymlessen.

It ryksmonumint op it LSC terrein dêr't de nije klaaikeamers by komme moatte. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Snits gymseal LSC klaaikeamers
(advertinsje)