Gemeente Waadhoeke lûkt belied arbeidsmigranten yn

13 nov 2018 - 19:45

De gemeente Waadhoeke lûkt it foarnommen belied oer de húsfêsting fan arbeidsmigranten wer werom. De gemeente jout ta dat de ynwenners fan de doarpen net genôch by it belied belutsen binne. Se wolle hjir no opnij nei sjen. Dat docht bliken út in ynformaasjegearkomste dy't tiisdeitejûn yn it gemeentehûs yn Frjentsjer hâlden waard.

Foto: Omrop Fryslân

Earder hie de gemeente it beslút naam om de hanthavening op de húsfêsting fan arbeidsmigranten los te litten. Dit waard dien om't dúdlik waard dat it dreech fol te hâlden wie, om mar ien prosint fan it tal hûzen foar arbeidsmigranten te reservearjen, sa seit it kolleezje.

Wethâlder Nel Haarsma jout no ta dat de ynwenners fan de doarpen earder meiprate moatten hiene. De bewenners wolle wol in kontrôle op húsfêsting fan bûtenlânske wurknimmers fan benammen kasbedriuwen.

(advertinsje)