Botsing tusken fjouwer auto's op de N31 by Marsum

Op de N31 by de ôfslach nei Marsum binne tiisdei oan de ein fan de middei ferskate auto's opinoar botst. Dit soarget foar opûnthâld foar it oare ferkear.
© Omrop Fryslân
Sa't it no liket binne fjouwer auto's op inoar rekke. In stikje dêr efter binne nochris twa auto's opinoar botst. Meardere minsken binne ferwûne rekke. Helptsjinsten binne oanwêzich om minsken te helpen en de auto's fuort te slepen. It is net foar it earst dat der op dit plak ûngelokken plakfine.