Protest wenboateigeners Grou

07 nov 2011 - 20:39

In groep fan fjirtich wenboateigeners yn Boarnsterhim sil tiisdeitejûn by it gemeentehûs yn Grou protestearje tsjin in ferheging fan de hierprizen foar it brûken fan gemeentegrûn.

De gemeenteried stimt oer in foarstel wêrtroch dit mooglik makke wurdt. De gemeente wol de hierprizen ferheegje om't dy sûnt 1994 hast net omheech gien binne. De wenboateigeners binne op it plan tsjin. No wurdt jierliks in pear hûndert euro betelle, yn 'e takomst mooglik in pear tûzen. Eigeners meie de grûn ek keapje, mar krije gjin tastimming om der op te bouwen. Dêrtroch wurdt it hast net mooglik om in hypoteek te krijen.

(advertinsje)