Freedtejûn betinking Menno Patat yn syn eigen snackbar

13 nov 2018 - 17:53

Freedtejûn kin elkenien ôfskie nimme fan Menno Jansma, oftewol Menno Patat. Tusken 19:00 en 21:00 oere giet de doar fan syn snackbar noch ien kear iepen.

Foto: Omrop Fryslân

Menno Jansma hie sawat 35 jier in snackbar yn de Ljouwerter wyk Westeinde. Syn patat, kroketten en frikandellen wiene goedkeap want sa't hy neffens freon Rik van der Zee altyd sei: 'Massa is kassa'. Van der Zee hie in goeie bân mei Jansma, en is ien fan de inisjatyfnimmers fan it ôfskie takom freedtejûn. "Je ziet het aan hoeveel mensen hier bloemen komen brengen, Menno was belangrijk voor veel mensen".

Ut de holle

"Een heel apart mannetje maar met een heel goed hart." Kapper Paul Kingma hat al 33 jier in kapsalon yn it winkelsintrum yn Westeinde. "Hij stond altijd klaar voor zijn eigen meiden, maar ook voor mijn meiden".

Menno Patat stie der om bekend dat hy nea wat opskreau. Hy hie alle bestellings yn 'e holle en dat ferwachte hy ek fan syn personiel. Linda wurke tsien jier by him. Se wit noch dat se de earste dei begûn en in opskriuwboekje meinaam hie. "Ben je helemaal idioot, weet je wel hoeveel bomen dat kost, gewoan hier yn de kop. Dat geheugen mut je traine".

Menno Jansma wie ek in 'einzelgänger'. In frachtwein komt de bocht om en hâldt stil foar de snackbar. Linda herkent de sjauffeur. Hy komt ek efkes de lêste eare bewizen. "Tolve jier ha ik de patat en kroketten brocht, mar oft ik him kend ha? Ik tink it net".

(advertinsje)