Wolvegeaster (53) krijt wurkstraf foar mishanneljen fan syn trije bern

13 nov 2018 - 17:42

In 53-jierrige man út Wolvegea hat in wurkstraf fan 40 oeren en in selstraf fan trije dagen en twa moanne ûnder betingst krigen, foar it mishanneljen fan syn trije minderjierrige bern.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Hy hat neffens de rjochtbank syn bern slein, by de kiel pakt en oan de hierren lutsen. De man hat syn âldste soan fan 11 jier mei in foet op syn boarstkas drukt. De mishannelingen fûnen plak yn de wykeinen dat de bern by harren heit wiene nei de echtskieding. De omgongsregeling is stopset, nei't de mem oanjefte dien hat.

Ofsjoen fan finzenisstraf

De rjochtbank fûn eins in finzenisstraf op syn plak, mar omdat de omgongsregeling mei de bern wer fan krêft is en dat sûnder problemen liket te gean, hawwe se derfan ôfsjoen. De man komt wol ûnder tafersjoch fan de reklassearring.

(Advertinsje)
(Advertinsje)