Boeren wolle stabyl wetterpeil tsjin boaiemfersakking

13 nov 2018 - 17:32

Boeren yn de provinsje moatte op har grûn in eigen wetterpeil krije kinne. Dat maatwurk moat derfoar soargje dat de boaiemdelgong yn it feangreidegebiet beheind wurdt. It is ien fan de oplossingen fan sân gearwurkjende boere-organisaasjes. Se hawwe in plan makke mei de namme 'Mei beide fuotten op 'e feangrûn'. Dat is tiisdeitemoarn presintearre. It is in boadskip oan de polityk om de soargen dy't de boeren hawwe serieus te nimmen.

It plan fan de sân gearwurkjende lânbou-organisaasjes is in reaksje op de diskusje dy't op it stuit rint. Dêryn stiet sintraal dat it wetterpeil yn de sleatten ferhege wurde moat. Sa'n heger peil moat liede ta in hegere grûnwetterstân en dat moat it fean better beskermje. Provinsjale Steaten hawwe dat sa fêstlein yn de Feangreidefyzje, dy't in pear jier lyn fêststeld is. De boeren fiele dêr allinnich net in soad foar. In hegere grûnwetterstân soarget derfoar dat it dreger is om te buorkjen.

Mear ûndersyk nedich

De boeren pleitsje no foar mear ûndersyk nei it feangreidegebiet en de boaiemdelgong. Neffens de organisaasjes is hielendal net dúdlik oft it ferheegjen fan it wetterpeil wol helpt tsjin de oksidaasje fan it fean, de boaiemfersakking. Dat soe ûnder oaren te krijen hawwe mei in oar soart fean dat hjir yn Fryslân yn 'e grûn sit.

Bouwe Bakker fan de gearwurkjende organisaasjes: "Ja, dat is oars. It fean hjir nimt hiel oars wetter op. Dat moatte je wol meinimme yn de plannen. Want dat betsjut dat je op in oare wize omgean moatte mei de ferskillende peilen."

Finansjeel helber?

It wurdt noch in toer om elkenien fan de helberens te oertsjûgjen. It ynstellen fan lytse peilfakken, gebieten dêr't je it wetterpeil lokaal regelje kinne, kostet in soad jild.

Foto: ANP

It Wetterskip Fryslân hat earder oanjûn dat se krekt dat net sitten sjogge en ta wolle no gruttere peilgebieten. Neffens Bakker is it finansjeel helber: "We stjitte minder CO2 út. Dêrfoar krije je kompensaasje fan it ryk. Dat moat de kosten dekke kinne."

Boppedat kin technyk helpe, sa seit Bakker: "We moatte in mjitnetwurk oanlizze. Je kinne dan makliker stjoere. Boeren kinne dat sels dwaan."

Hast net te kearen

Dochs sjogge ek de boere-organisaasjes yn dat net alle grûnfersakking sa te kearen is. "De fersakkingen yn it feangebiet binne hast net op te kearen. Dat is in heale sintimeter op jierbasis. Dêr moatte je net tefolle enerzjy yn stekke", sa seit Bakker. "Je kinne dat allinnich mar besykje te beheinen."

Dat it in grut probleem is, is foar elkenien dúdlik. Der moat de kommende jierren in soad barre om de fersakkingen foar te kommen.

(advertinsje)