Krimp soarget foar reorganisaasje by Dockinga College

13 nov 2018 - 16:23

It Dockinga College mei fêstigingen yn Dokkum en Ferwert moat reorganisearje fanwege de krimp yn de regio. Dêrtroch rint it tal learlingen werom. It personielsbestân moat oanpast wurde, sa meldt de skoalle. De fakbûnen binne útnûge om yn petear te gean oer de krimp fan de skoalle.

Foto: Omrop Fryslân

It bestjoer en de lieding fan de skoalle binne op dit stuit dwaande mei in plan om it ûnderwiis, en de kwaliteitseasken dy't dêroan steld wurde, foar de takomst feilich te stellen. Der sil bygelyks sjoen wurde nei de wize wêrop't roasters en lessen organisearre wurde.

Net de earste kear

De skoalle hie al earder maatregels naam fanwege in lytser wurdend tal learlingen. Dy hawwe net genôch fertuten dien om de reorganisaasje foar te kommen. Yn 10 jier tiid rûn it tal learlingen werom fan 2500 nei 1730.

It Dockingakolleezje is in kristlike skoallemienskip mei opliedingen fan beropsûnderwiis oan't en mei gymnasium.

(advertinsje)