Gaslek nei graafwurksumheden yn Damwâld

13 nov 2018 - 16:10

Yn Damwâld is tiisdeitemiddei efkes foar twa oere in grut gaslek ûntstien by graafwurksumheden. Oan de Teunissenwei waarden âlde liedingen fuort helle, mar der lei in nije lieding boppe-op ien fan de âlde liedingen. Dy waard troch de kraan rekke.

Foto: De Vries Media

De lieding wie net oanjûn op de tekeningen. Der stie trije bar druk op de lieding; it gas spuite derút. De brânwacht fan Damwâld waard ynsetten. Sy koene slimmer foarkomme.

Lieding tichtdraaid

Netbehearder Stedin hat de lieding tichtdraaid. Dêrnei wie der gjin gefaar mear. It kin noch in pear oeren duorje foardat de lieding wer ticht is. Omwenners kinne mooglik in skoft gjin gas brûke.

Trefwurden: 
wurksumheden Damwâld gaslek
(advertinsje)