Hearrenfeanster (32) krijt selstraf foar drugs- en wapenbesit

In 32-jierrige man fan It Hearrenfean hat in finzenisstraf fan 138 dagen oplein krigen foar it besit fan drugs en wapens. Fan de straf binne 120 dagen ûnder betingst.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man waard ferline jier septimber betrape mei hasj, speed, in boksbûgel en in katapult yn de auto. Yn febrewaris fûnen plysjes wer in boksbûgel, xtc-pillen, ploertedeader en stroomstjitwapen yn syn auto. Boppedat hie hy in fet benzine stellen.

Net yn 'e sel

De man hat al achttjin dagen yn foararrest sitten, dus hoecht hy de sel net mear yn. De man is yn behanneling om't it goed giet mei him. De rjochtbank wol dat hy dêr mei trochgiet.