Learlingen Bogerman koene troch flater toetsfragen ynsjen

Ferskate learlingen op it Bogerman College yn Snits koene foarôfgeand oan in toets, de opjeften ynsjen. Guon toetsen wiene troch in flater ûngefear in oere foar it tentamen yn te sjen op in netwurkskiif.
© Omrop Fryslân
De toetsen dy't ynsjoen wurde koene troch learlingen wiene spesjale tentamens foar learlingen mei dysleksy. Dizze toetsen soene gewoanwei oan it begjin fan it tentamen sichtber wurde moatte foar de learlingen dy't se dwaan moatte, mar it docht bliken dat de opjeften troch alle learlingen besjoen wurde koene foarôfgeand oan de toets.

Minsklike flater

De meiwurker dy't de toetsen op de netwurkskiif sette moast tocht dat de skiif net tagonklik wie foar de learlingen. Dit wie lykwols wol it gefal. De flater kaam oan it ljocht trochdat de skoalle meardere meldingen krigen hie fan it lek.
It Bogerman College rekkenet it himsels oan dat der flaters makke binne mei de toetsen. De ûnderwiisynspeksje is op de hichte steld, en der is fuortendaliks in yntern ûndersyk opset.
Rektor Jan Osinga seit dat er skrokken is fan it foarfal: "Wij nemen onze volle verantwoordelijkheid voor deze fout. Dit had nooit mogen gebeuren. De school schenkt regelmatig aandacht aan onze toetsprotocollen. Ook zijn we scherp op een zo goed mogelijke autorisatie van ons computernetwerk. Dat zullen we dus nog beter moeten doen."

Fierdere gefolgen

Alders en learlingen binne op de hichte brocht fan de problemen. Der sil noch sjoen wurde hokker fierdere stappen der set wurde moat. Oft de toetsen oerdien wurde moatte is noch net bekend, dat hinget ôf fan de útkomsten fan it ûndersyk. Mooglik komt hjir freed mear dúdlikheid oer.