Ried en kolleezje Smellingerlân yn petear oer wenweinplakken

13 nov 2018 - 14:46

It kolleezje fan de gemeente Smellingerlân giet mei de gemeenteried yn petear oer de útwreiding fan it tal stânplakken foar wenweinen yn de gemeente.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

It kolleezje fynt nei it ôfwizen fan Vrijburgh as lokaasje no ek de Fennereed net geskikt as plak foar de wenweinen. De ûntsluting fan it gebiet is neffens boargemaster en wethâlders net goed.

Oare plakken

Se wolle de lokaasje Wetterwille wol fierder ûndersykje; ek nei Drachtsterkompenije wolle se sjen. Ek stiet it kolleezje iepen foar suggestjes foar oare plakken dêr't wenweinen komme kinne.

De wenweinlokaasje sil nei alle gedachten bepaald wurde yn in rûne tafelpetear mei de ried. Op 11 desimber sil der dan in debat en in beslút falle, sa is de ferwachting.

(advertinsje)