Flinke skea oan twa auto's nei frontale botsing De Jouwer

Twa auto's binne tiisdeitemoarn mei inoar yn botsing kaam op De Jouwer. Op de krusing fan de Slachtedyk en de Tolhúswei botsten de auto's frontaal op inoar. De auto's rekken swier skansearre en ien fan de bestjoerders rekke licht ferwûne.
De ferwûne bestjoerder waard neisjoen yn 'e sike-auto, mar hoegde net nei it sikehûs.
© De Vries Media