Europeeske hotelskoallestudinten nei Ljouwert foar fakwedstriden

13 nov 2018 - 13:47

Fan Sweden oant en mei Portugal en fan Finlân oant en mei Masedoanië; út alle hoeken fan Europa binne hotelskoallestudinten nei Ljouwert kaam om mei te dwaan oan fakwedstriden.

Yn totaal binne 650 studinten fan skoallen foar de hotel- en toerismesektor út hiel Europa nei Ljouwert kaam. It giet om de jierlikse fakwedstriden fan de AEHT (Association Européenne des Ecoles d'Hôtellerie et de Tourisme). Dit jier is de organisaasje is yn hannen fan it Friesland College. Dat is foar it earst.

Fan Barista oant Cocktail

Der binne tsien wedstriden by de AEHT dy't yn twa dagen plak fine: Barista, Cocktail, Culinary Art, Decathlon, Front Office, Hospitality Management, Pastry, Restaurant Service, Tourist Destination en Wine Service.

It is de 31ste edysje fan de AEHT-fakwedstriden. Njonken de wedstriden is der ûnder oaren in flaggeparade en sil Fryslân oan de gasten toand wurde. Sa wurdt der troch de provinsje gong en kinne sportive gasten reedride yn de Alvestêdehal. As ôfsluter is der in diner yn stedsskouboarch De Harmonie.

Trefwurden: 
Ljouwert WTC hotelskoalle AEHT
(advertinsje)