Súdwest-Fryslân wol mear wenningen bouwe as mei fan de provinsje

13 nov 2018 - 13:00

De gemeente Súdwest-Fryslân wol mear wenningen bouwe as sy op it stuit meie fan de provinsje. In ferskaat oan partijen, wêrûnder kolleezjepartij PvdA, ropt it kolleezje op dêr wurk fan te meitsjen by de provinsje.

Foto: ANP

Wethâlder Maarten Offinga sil dat dwaan, mar dan wol neidat de útkomsten bekend binne fan in ûndersyk nei it ferlet fan wenten yn de gemeente. Under mear de FNP en it CDA wolle ek romte foar nijbou yn de doarpen. It CDA makke wol dúdlik dat der net yn alle plakken boud wurde kin.

Ek bouwe yn doarpen

Ek bliuwt de gemeente der by de wenningboukorporaasjes op oantrúnjen ek te bouwen yn de doarpen. Mar troch ekstra heffingen fan it ryk en de opjefte om besteande huzen duorsumer te meitsjen, hawwe de korporaasjes net in soad jild om soks te dwaan, konstatearre in part fan de ried.

De gemeente Súdwest-Fryslân organisearret de kommende wiken seis gearkomsten om de útkomsten fan it wenûndersyk te bepraten. Dat is yn Wytmarsum, Wommels, Koudum, Heech, Snits en Boalsert. De útkomsten dêrfan wurde wer ferwurke yn it definitive rapport.

(advertinsje)