Hûsferlotting foar replika Willem Barentsz op losse skroeven

13 nov 2018 - 12:30

De ferlotting fan it hûs yn Harns giet sa't it no liket net troch. De ferlotting is foar it fierder ôfbouwen fan de replika fan it ekspedysjeskip de Willem Barentsz. De replika hat de namme De Witte Swaen krigen en leit yn Harns. It skip is ein oktober te wetter litten.

De haadpriis in de lotterij is dit hûs oan it Noordijs 1 yn Harns - Foto: loterij-harlingen.nl

Paul Meijeraan fan de ferlotting

De Witte Swaen moat noch ôfboud wurde. Dêrnei sil it de reis nei Nova Zembla meitsje, sa as de Willem Barentsz dat ek dien hat. Om genôch jild op te bringen, waard de ferlotting fan in hûs yn it sintrum fan Harns regele. Mar de ferkeap fan de lotten rint net goed. Der moatte op it stuit noch mear as 2000 lotten ferkocht wurde, om de lotterij hâlde te kinnen.

It hûs oan it Noordijs yn Harns hat in taksaasjewearde fan boppe de 200.000 euro.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)