Sân Fryske kroegen helje kafeetop 100 Misset Horeca

Fryslân is mei 7 kafees fertsjintwurdige yn de 25ste edysje fan de Top 100 fan Misset Horeca. It earste Fryske kafee op de list is De Markies yn Ljouwert op it 26ste plak. 't Gerecht op It Hearrenfean stiet op it 31ste plak, folge troch De Strohoed yn Ljouwert op it 58ste plak.
© Google Streetview
Oare kafees op de list binne Nobel yn Ballum, op it 60ste plak, en De Poort van Cleef yn Snits op it 62ste plak. Underoan de list steane it Ljouwerter kafee De Dikke van Dale, op it 96ste plak, en Het Graauwe Paard yn Aldebiltsyl op plak nûmer 98.