Gazelle-eigener iezet noch altyd op fytsefabrikant Accell

13 nov 2018 - 10:54

Hannelshûs Pon, eigener fan Gazelle, hat it noch hieltyd foarsjoen op fytsefabryk Accell op It Hearrenfean. Eardere plannen fan Pon om Accell yn syn gehiel oer te nimmen, waarden troch it Feanster bedriuw fan de hân wiisd.

Foto: Omrop Fryslân

Pon wol no mei de oankeap fan oandielen in belang fan 20 prosint fan Accell yn hannen krije. Se biede 19 euro it oandiel en dat is folle minder as de 30 euro it stik dy't it bedriuw earder betelje woe om it Feanster bedriuw hielendal yn hannen te krijen.

Dochs gie de koers fan Accell tiisdeitemoarn op de beurs mei 17 prosint omheech troch de belangstelling fan Pon. De ried fan bestjoer fan Accell Group hat witte litten dat it graach in taljochting fan Pon op it foarnommen bod ûntfangt.

De Accell Group op It Hearrenfean is bekend fan fytsemerken sa as Batavus, Sparta en Koga. Hannelshûs Pon fan Gazelle en Union. Wie de eardere oername ferline jier trochgien, dan wie it grutste fytsefabryk yn de wrâld ûntstien.

(advertinsje)