Kringloopwinkel Koudum yn 'e problemen troch hegere ôffalstoartprizen

Stichting Emmaus Koudum, dy't de kringloopwinkel yn it doarp eksploitearret, fielt har tekoart dien troch de gemeente Súdwest-Fryslân. Dy wol it stoarten fan ôffal by de gemeente fan 1 jannewaris ôf net langer tastean.
© Google Streetview
De stichting moat har ôffal dan oanbiede by in kommersjeel bedriuw. Dat soe 20.000 euro yn it jier kostje. Neffens it bestjoer bliuwt der dan te min jild oer foar de goede doelen wêrfoar se harren ynsette.

Oprop

De stichting stipet goede doelen elts jier mei sa'n 30.000 euro. Neffens it bestjoer fertsjinnet Emmaus dêrom in bettere behanneling. Se dogge in oprop oan it kolleezje om harren te koesterjen en it de stichting net ûnmooglik te meitsjen har wurk te dwaan.
Wethâlder Erik Faber fan Súdwest-Fryslân sil yn petear mei kringloopwinkel Emmaus yn Koudum en it ûnderwerp wurdt op 'e aginda setten om yn de riedskommisje te bepraten. Dat is moandeitejûn tasein yn de riedsgearkomtste. Neffens de wethâlder mei der wetlik gjin ûnderskied makke wurde tusken ynstellingen mei in goed doel of gewoane bedriuwen.

Juridysk dreech

It efterôf kompensearjen mei subsydzje wurdt neffens Faber juridysk ek hiel dreech, om't je dan kieze moatte hokker ynstellingen dêrfoar yn oanmerking komme. Der binne mear goede doelen dy't jild ophelje mei brûkt guod.