Belaksje foar De Rolpeal yn Warkum leveret massaal frijwilligers op

13 nov 2018 - 09:50

De kampanje om oan frijwilligers foar it nije sportsintrum De Rolpeal yn Warkum te kommen, hat fertuten dien. Mear as 350 leden fan sportferieningen hawwe harren de ôfrûne wike oanmeld.

Foto: Eigen foto

It offisjele startsein foar de kampanje waard in wike lyn jûn. Belteams giene dêrnei oan de slach. Yn dy teams sieten leden fan sportklups, dy't harren eigen leden bellen om te freegjen oft se frijwilliger wurde woene. En wylst der noch hurd wurke wurdt om it sportsintrum yn 2019 ôf te krijen, liket it mei de frijwilligers dus no al goed te kommen.

Yn it nije sportsintrum komme in sporthal, swimbad en hoareka. Besikers kinne op in dakterras útsjen oer de sportfjilden. Wa't noch belangstelling hat om frijwilliger te wurden kin op ynformaasjebyienkomsten op 27 novimber en 6 desimber yn Kultuerhûs Klameare yn Warkum telâne.

(advertinsje)