Undernimmersfûns Súdwest-Fryslân kin wer fiif jier troch

13 nov 2018 - 08:43

It ûndernimmersfûns fan Súdwest-Fryslân kin wer fiif jier foarút. En dat wylst it ferset tsjin it fûns út foaral de lytsere doarpen grut wie. Alle jierren hellet de gemeente in miljoen euro op foar it fûns troch ekstra belesting te heffen oer net-wengebouwen. It ûndernimmersfûns waard trije jier lyn opset.

Kassa - Foto: Shutterstock.com

Foarsitter Ben Smid fan it ûndernimmersfûns en Durk Stoker fan de FNP

It jild út it troch ûndernimmers bestjoerde fûns wurdt brûkt foar ekonomyske doelen dy't foar in soad ûndernimmers goed útpakke, mar ek goede doelen foar de hiele mienskip. Undernimmers yn de lytsere doarpen regelje foaral dat lêste sels en wolle eins net oan it fûns meidwaan.

In minderheid fan de gemeenteried woe moandeitejûn in jier tiid te nimmen om ta in better model te kommen. Mar de kolleezjepartijen giene mei wat betingsten akkoart mei de ferlinging fan de besteande regeling. Sy jouwe it fûns dêrfoar sels de romte.

(advertinsje)