In syltocht fan in moanne om it Aai fan Columbus te finen

12 nov 2018 - 22:38

In moanne lang sûnder ynternet, of oar kontakt mei de bûtenwrâld. Foar in soad jong-folwoeksenen sil it klinke as in wiere nachtmerje, mar Maarten Mintjes sjocht der nei út. Hy docht nammentlik mei oan it projekt Quest for Change, wat ûnderdiel is fan de tocht Clean2Antarctica. Yn dit projekt reizget Mintjes mei in groep fan 18 minsken op in sylskip fan Kaapverdië nei Sint-Maarten.

Foto: ANP

Harkje nei in petear mei Maarten Mintjes

Takom wike begjint it aventoer foar Maarten Mintjes út Harns. It wurdt gjin sylfakânsje, mar in reis mei in tige wichtige ûndertoan, want de reizgers sille oan board fan it skip diskusjearje en brainstoarmje oer grutte klimaat- en miljeufraachstikken, lykas duorsumens yn de tekstylsektor, as de plestik sop. "We hebben ook wel een verantwoordelijkheid om iets goed neer te zetten, maar we hebben er zin in!"

Aai fan Columbus

In moanne lang sitte de dielnimmers op it skip, sûnder ynternet of oar kontakt mei de bûtenwrâld. Dat dogge se om omtinken te freegjen foar mear duorsumens, mar ek om 'out of the box' te tinken. De jongerein hawwe faak gjin eftergrûn yn duorsumens, mar krekt dat moat derfoar soargje dat der oan oare oplossings tocht wurdt, as wat der hjoed-de-dei allegearre al besocht wurdt.

Koartsein is de hoop dat it duorsume Aai fan Columbus út ûnferwachte hoeke komme sil. Sa is Mintjes sels dwaande mei in oplieding Wiskunde en Filosofy yn Grins.

Mintjes seit dat er sels al langer neitocht oer saken dy't mei duorsumens te krijen hawwe. "Ik ga bijvoorbeeld naar de McDonalds en ik weet niet eens waar mijn spullen vandaan komen! Dit soort dingen daar zit ik al een tijdje mee, en dit is zo'n mooi initiatief om iets bij te dragen."

Clean2Antarctica

De sylreis the Quest for Change is ûnderdiel fan Clean2Antarctica. Want wylst Maarten Mintjes op it sylskip De Morgenster ûnderweis is op de Atlantyske Oseaan, meitsje twa oare minsken, Edwin en Liesbeth ter Velde, har wei nei it meast súdlike puntsje fan ús planeet: de Súdpoal. Se sille dat dwaan mei in wein dy't folslein makke is fan recycled plestik.

De inisjatyfnimmers wolle mei dizze poaltocht sjen litte dat plestik ôffal gjin ôffal hoecht te wêzen, mar ek oare nije opsjes biede kin.

(advertinsje)