Kollum: "Rambo op de ambulânse"

13 nov 2018 - 07:32

"In kunde út Limboarch liet my it nije fest sjen dat er krigen hie. De kommende moannen soe er dat faak oan dwaan, sei er. Earst mei de yntocht fan Sinteklaas, dan by de jierwiksel en dêrnei wilens it karnaval. Allegear feestlike aktiviteiten. It fest wie dêr hielendal op berekkene. It kearde net allinne kûgels, mar ek oanfallen mei in mes.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Sjefke wurket by de ambulânsetsjinst. It fest is ûnderdiel fan de nije unifoarmen dy't Ambulancezorg Nederland yn septimber presintearre. Offisjeel binne de festen ornearre foar geweld by terreursituaasjes. Oanslaggen lykas dy yn de grutte stêden. Plysje en brânwacht ha se dan standert oan, de ambulânsetsjinsten net. Dat sil no dus feroarje.

Fierders ha de ambulânsetsjinsten it advys krigen, om se ek by de gruttere eveneminten oan te dwaan. Sjefke hie dêr yn alle gefallen syn eigen analyze al op loslitten. Mar ek by ferkearsûngemakken en by meldingen fan minsken dy't net goed wurden binne soe er it oanstrûpe. "Ik tink dat ik it fest faker oan ha sil as in skjinne ûnderbroek", sei er.

Blykber is it safier kommen dat helpferlieners allinne op dy wize harren wurk dwaan kinne. Minsken waans libben draait om it helpen fan oare minsken binne de ôfrûne jierren fûgelfrij wurden. Se wurde oanfallen, mei fjoerwurk bekûgele en útskolden. In ambulânse wurdt fernield, wylst it personiel yn in wenning mei in pasjint dwaande is.

Yn maaie fan dit jier waard in ambulânsesjauffeur molestearre troch in heit en in soan. Harren frou en mem wie net goed wurden, mar om't se nei de melding wat stabiler wurden wie, hie de ambulânsetsjinst nei oerlis mei har besletten om de famylje net yn de ambulânse meiride te litten. Dy beslissing foel min by de heit en de soan. Dat trimden se de sjauffeur mar yninoar.

De rjochtbank oardiele dat heit en soan lêst hiene fan eat dêr't in hiele protte minsken yn de maatskippij op 't heden lêst fan ha: it net akseptearjen fan ien dy't ergens doel oer hat en dêrnei harkje. Dat is in mentaliteitsprobleem.

Hoe't dat probleem ûntstien is, is net dúdlik. Ien fan de oarsaken foar it tanommen geweld tsjin helpferlieners soe it oermjittich brûken fan drank en drugs wêze kinne. Noch in oarsaak is dat in geweldsbedriuwer him faak machteleas en frustrearre fielt, in boarger dy't in oar 'ferwachtingsbyld' hat fan de help dy't bean wurdt. Dat seit it Verwey-Jonker ynstitút teminsten.

Boargers fiele harren ûnwis en machteleas as de helptsjinsten komme en dêrnei net neffens harren eigen ferwachtingen hannelje. Dy machteleazens kin feroarje yn geweld tsjin publike helpferlieners. It ynstitút stelt dat in kommunikaasjespesjalist op it plak fan it ûnheil miskien in goed idee wêze kin. Ien dy't de achte boarger mei ien harsensel útleit wat der barre sil.

Dat idee lei ik oan Sjefke foar. Dy sei dat er leaver in taser ha soe. Safier moat it blykber komme."

(advertinsje)