"Gjin gefaarlike stoffen metten nei tsjettellekkaazje REC"

12 nov 2018 - 23:11

Neffens wethâlder Harry Boon binne der gjin gefaarlike stoffen metten nei de tsjettellekkaazje yn de ôffaloven yn Harns moandeitemiddei. De brânwacht hat nei oanlieding fan de lekkaazje mjittingen dien om te sjen oft der gefaarlike stoffen frijkaam wiene, en dat liket no net it gefal.

Foto: Ymte de Jager

Wethâlder Harry Boon fan Harns oer de lekkaazje by de REC

Mei de negative mjitting is it lykwols noch net wis dat der hielendal gjin gefaar west hat foar de folkssûnens. De gemeente wol dêroer earst in rapport ôfwachtsje, dat letter dizze wike noch útkomme moat.

Reekwolken en stank

De Reststoffen Energie Centrale (REC) yn Harns krige oan de ein fan moandeitemiddei te krijen mei in lekkaazje yn de tsjettel. Dit soarge foar grutte reekwolken boppe de oven, dy't yn de fiere omkriten te sjen wiene. Omwenners seine lêst te hawwen fan stank.

Omrin hat fuort nei't de lekkaazje ûntstie de ôffaloven stillein. It is noch net dúdlik hoelang't dit duorje sil. Op 17 augustus wie der ek in tsjettellekkaazje by de REC, en ek doe moast de oven stillein wurde. Dat hat doe fiif dagen duorre. Op 5 oktober wie de lêste steuring by de REC.

Niemand zit hier op te wachten. Harlingen niet, Omrin niet, de hele provincie niet, de mensen die elke dag keihard werken aan de installatie niet.

Wurdfierder Jelmar Helmhout fan de REC

Omrin betreuret dat der op 'e nij problemen binne mei it ôffalfabryk. Neffens wurdfierder Jelmar Helmhout is it ek foar de meiwurkers hiel ferfelend. "Niemand zit hier op te wachten. Harlingen niet, Omrin niet, de hele provincie niet, de mensen die elke dag keihard werken aan de installatie niet. Wat dat betreft is niemand er blij mee. Daarmee praten we het niet goed, maar we werken er wel keihard aan om het elke keer op te lossen en vertrouwen er op dat we in februari echt een goede oplossing kunnen toepassen. Tot die tijd proberen we de boel zoveel mogelijk onder controle te houden."

Wurdfierder Jelmar Helmhout fan de REC

Trefwurden: 
Harns REC Omrin
(advertinsje)