Plannen foar in Wettersportstêd Hearrenfean

12 nov 2018 - 21:45

Sportstêd Hearrenfean hat al in grut oanbod fan sporten. Fan turnjen oant inline-skating, en fan fierljeppe oant in 'urban sportpark'. Mar no wol de Sportstêd ek wettersporten fasilitearje. Neffens Sportstêd soe der mei de oanpassingen fan de A32, en it inisjatyf Feanetië in ideale kombinaasje mooglik wêze om dit plan te realisearjen.

Foto: Google Street View

Sportstêd Hearrenfean wol yn it nije wettersportgebiet ûnder oare romte meitsje foar kanoje, stand-up paddle boarding, iepenwetter swimmen en survival. Sa soe it dan úteinlik mooglik wurde moatte om al suppend (steand peddeljend op in surfplanke) fan Sportstêd nei it sintrum fan Hearrenfean te kommen.

Mooglikheden

De gemeente It Hearrenfean wurket oan it ferbetterjen fan de fileproblemen op de A32. Dit soe moatte troch middel fan turborotondes by de Stadionwei en de Cissy van Marxveldtleane. De gemeente ferwachtet dat dit wurk yn 2021 klear wêze sil. Troch it wurk komt in part fan de Stadionwei te ferfallen.

It gebiet wat dêrmei frij komt, soe ideaal wêze foar wettersporten. Dêrnjonken kin der mei it inisjatyf 'Feanetië' in direkte ferbining makke wurde mei it sintrum fan It Hearrenfean en mei Oranjewâld.

Wurk te dwaan

De kommende moannen sil Sportstêd Hearrenfean yn petear mei ferskate sportoanbieders om de plannen foar de wettersportaktiviteiten fierder út te wurkjen. It idee is om dan yn it foarjier fan 2019 útein te setten mei kanoje en suppe.

(advertinsje)