Rekkenkeamer konstatearret problemen mei kontrôles op subsydzjes

12 nov 2018 - 20:52

Noardlike bedriuwen en ynstellingen dy't subsydzjes en lieningen krigen hawwe, wurde net goed genôch kontrolearre. Dêrtroch is it net dúdlik oft projekten de ekstra banen opsmiten hawwe, dy't tasein wiene. Neffens de Noardlike Rekkenkeamer bart dizze kontrôle sawol foar- as efterôf net goed.

It Provinsjehûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Direkteur Michiel Herweijer fan de Noardlike Rekkenkeamer

"Er wordt niet goed gecontroleerd hoeveel werkgelegenheid (de projecten) hebben opgeleverd" fertelt Jan van der Beij fan de rekkenkeamer. Wat Fryslân wol posityf ûnderskiedt yn fergelyk mei de oare provinsjes is dat der eksterne buro's ynskeakele wurde om de projekten te evaluearjen. "Dat is wel een pluim voor Friesland", seit Van der Beij. "Maar er moet bijvoorbeeld kritisch gekeken worden of mensen uit de regio werk hebben gekregen. Zijn er niet allemaal mensen van ver gehaald?", seit Van der Beij.

De projekten dy't de rekkenkeamer ûndersocht hat foar ús provinsje binne Fryslân Fernijt, het Friese Meren Project en Wurkje foar Fryslân. De provinsje herkent him yn de konklúzjes en oanbefellingen fan de rekkenkeamer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)