GrienLinks set yn op fjouwer sitten by Steateferkiezingen

12 nov 2018 - 20:29

GrienLinks ferwachtet by de kommende provinsjale ferkiezingen fjouwer sitten yn de Steaten te heljen. No hat de partij der mar ien. Dat seit de beëage listlûker fan Grien Links, Matthijs Sikkes-Van den Berg, yn It Polytburo.

Duorsumens, it tastean fan doarpsmûnen en in tige krityske hâlding rjochting de REC yn Harns binne in pear spearpunten. Sikkes-Van den Berg is no noch fraksjefoarsitter yn de gemeente De Fryske Marren, mar dy funksje leit er del as er takom jier yn Provinsjale Steaten komt.

Op 24 novimber nimme de leden fan GrienLinks in definityf beslút oer de kandidatelist. It hjoeddeiske steatelid Jan Atze Nicolai stiet op plak 4. Hy hie ek graach de nije listlûker fan de partij wurde wollen.

(advertinsje)