It ferhaal fan Stadswerf Ljouwert: in plak dêr't elkenien ta syn rjocht komt

12 nov 2018 - 18:51

Op ien fan de âldere stikjes Ljouwert, flak njonken café Blauwhuis, sit in skipswerf: De Stadswerf Leeuwarden. It is in plak yn de leite fan de drokke stêd. Minsken dy't it psychysk dreech hawwe, bygelyks oerspand binne, kinne dêr oan it wurk. In bysûnder plak, sa fynt ek Kommissaris fan de Kening Arno Brok. Hy wie moandei op wurkbesite.

Foto: Omrop Fryslân

De Dwaelster, in mosselaak, leit yn it haventsje fan de werf. It is ien fan de skippen dy't dêr yn ûnderhâld leit. Al hast 25 jier is de werf in plak dêr't minsken dy't it psychysks dreech hawwe of in lichte ferstanlike beheining oan it wurk kinne. Se wurde trochstjoerd troch GGZ-Fryslân of oare organisaasjes.

Op de werf kinne se wurkje oan har herstel, en besykje wer troch te streamen nei gewoan wurk. Oaren wurkje dêr terapeutysk. Troch werfbaas Mathijs Westra wurdt goed op de minsken past. Hy set elkenien oan it wurk en nimt de tiid om nei de problemen te harkjen en wêr mooglik te helpen; "It is miskien net folslein profesjoneel mar se meie my ek thús belje."

Stazjêren

It is ek in learbedriuw. Studinten fan it Friesland College leare dêr hoe't se in goeie skipstimmerman wurde kinne. Mar it is mear as dat. Staazjebegelieder Corlienke de Jong fynt it in bysûnder plak: "De stazjêren hjir leare in fak, en dêrneist leare se ek om om te gean mei minsken yn de psychiatry. Dat is de krêft hjir ek. Se leare inoar hjir goed kennen. En dan ek hoe't je dan sa'n dei mei inoar útsjonge moatte."

Foto: Omrop Fryslân

Anko is ien fan de stazjêren. Hy woe der sels graach oan de slach: "Myn mem fûn it in fantastysk idee. My beppe wurket ek mei minsken mei in beheining. Eins hawwe je gjin idee om hokker minsken it dan giet. Dit wie dus foar my in kâns om hjir te sjen. Dêr wie myn mem wiis mei."

Hy baalt dat syn staazje der ynkoarten al op sit: "Der is mear yn de wrâld as 'gewoane' minsken. Je wurkje hjir mei guon dy't bagaazje hawwe, of somtiden dreech foarút komme. Dat wy hjir dan ek tusken rinne meie is hiel bysûnder."

Kommissaris op besite

Brok lavearret mei gemak tusken de boaten op de werf troch. Yn de tuskentiid is hy in gewillich ear foar de minsken dy't der wurkje. Hy krijt in tal libbensferhalen te hearren. Brok is der op útnûging fan Corlienke de Jong. Sy is ek aktyf as fraksjefoarsitter fan de FNP yn de Steaten.

Sy hie de werf oandroegen foar in wurkbesite: "Krekt om't it sa'n bysûnder plak is en alles en elkenien hjir yn rêst gearwurkje kin."

Foar Brok is de werf gjin ûnbekend plak. Hy wie der alris sjoen by de iepen monumintedagen. Brok fynt it in prachtprojekt: "Hjir sa moai en smûk yn de binnenstêd. En dat minsken hjir dan sa har wurk en dei ynkleurje kinne en wurkje, dat is moai."

Harkje nei in wiidweidige reportaazje oer de Stadswerf Ljouwert

(advertinsje)