Merlijn Torensma fan Ljouwert lit him frijwillich oanfalle troch trije minsken

12 nov 2018 - 18:32

Merlijn Torensma fan Ljouwert lit him frijwillich oanfalle troch trije minsken. Dat klinkt miskien hiel ekstreem, mar Torensma docht oan Aikido, in Japanske ferdigeningssport. En hy is dêr tige goed yn. Sa goed dat er dit wykein yn Lelystêd de heechste graad yn dizze sport helle hat. En dat is bysûnder, want hy is hjirmei de ienige yn Fryslân dy't dizze sport op sa'n heech nivo docht.

Foto: Omrop Fryslân

Aikido is een Japanske ferdigeningssport dy't noch it measte op Judo liket, sa fertelt Torensma. Dochs is Aikido wol wat oars as it bekende Judo: "Het is een sierlijkere sport en het is geen wedstrijdsport zoals Judo." By de sport wurde stokken, swurden en messen brûkt. "Je gebruikt de materialen om te ontwapenen, dus mensen vallen je ermee aan en je leert hoe jij je hiertegen moet verdedigen."

Non-stop oanfal

Neffens Torensma is de sport benammen rjochte op it oerwinnen fan dysels, en op net it oerwinnen fan oaren. By syn eksamen moast er alles út de kast helje om de heechste graad te beheljen. It eksamen duorre in healoere. "In het half uur werd ik aangevallen door eerst een iemand, ongewapend, twintig minuten lang. En daarna door drie mensen, die non-stop aanvielen. Ik moest hierbij de controle houden, en dat is goed gelukt."

Torensma docht de sport al tweintich jier, mar hat de lêste seis jier spesifyk traind om dit eksamen te beheljen.

Fan 7 oant 77

Hy hat yn de ôfrûne jierren syn eigen sportskoalle iepene, en traint sa'n 60 learlingen fan sân oant 77 jier. Sels hat er no de heechste graad helle, mar hâldt noch hieltyd doelen foar eagen. "Als ik laat zien dat ik me verdienstelijk maak voor het Aikido in Nederland kan ik nog een aantal graden omhoog gaan, maar dat duurt heel lang. Voor de eerste moet je bijvoorbeeld al vijf jaar wachten." Yntusken leart er noch fan in dosint yn Grinslân.

Trefwurden: 
Merlijn Torensma aikido
(advertinsje)